Boargers socht foar roekejacht

06 feb 2011 - 09:51

De gemeente Tytsjerksteradiel ropt syn ynwenners op om mei te helpen by it fuortjeien fan roeken. Ferline jier binne de lege nêsten ferwidere. Foaral by soarchsintrum Heemstrastate yn Oentsjerk wie de oerlêst grut. De roeken soargje dêr foar in soad lawaai, stank en stront. De bewenners doarre sels net mear troch it park te kuierjen.

De gemeente tinkt dat de roeken dit jier werom komme en ropt dêrom de help fan de ynwenners yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)