Boargers prate mei yn W.Stell

13 jan 2013 - 12:45
  • Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf ropt de ynwenners op om mei te praten oer boargerpartisipaasje. Dêr is in konseptnota oer opsteld en de gemeente wol witte wat de boargers dêrfan fine. Oare wike moandei is der in byienkomst yn de Vinkenhoeve yn Finkegea oer de nota boargerpartisipaasje. Dy stiet no al op de webside fan de gemeente. Dêr kinne minsken har ek opjaan om mei te diskusearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)