Boargers Lj'diel meie it sizze

16 nov 2012 - 09:42
  • Stimbus yn Stiens

De ried fan Ljouwerteradiel hat tongersdei besletten dat de befolking him útsprekke mei oer de takomst fan de gemeente. Boargemaster en wethâlders wolle de minsken freegje nei harren miening oer fúzje mei Ljouwert of fúzje mei de nije gemeente Noardwest-Fryslân.

It referindum is op 30 jannewaris takom jier. Fan belang is de opkomst. Der is in ûndergrins wat de opkomst oanbelanget. Wetlik jildt dat 60 persint fan de minsken dy't stimme meie, opkomme moat. Neffens boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel sil dat gjin probleem wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)