Boargers folgje Ljouwerter rie

11 apr 2007 - 16:13

De gemeenteried fan Ljouwert wurdt tenei kritysk folge troch in boargerpanel. Foar it panel ha mear as hûndert ynwenners fan Ljouwert har oanmelden, dêrút binne acht keazen.

Boargemaster Dales hat de panelleden woansdei ynstalleard. De leden sille de ried beoardiele op hoe't der fergadere wurdt. Ek wurdt sjoen hoe lêsber de riedstikken binne. Oan de ein fan dit jier presintearret it panel advizen foar de riedsleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)