Boargerpanel yn SW-Fryslân

12 apr 2011 - 17:08

De nije gemeente Súdwest Fryslân stelt in spesjaal boargerpanel yn, dat fia ynternet reagearje mei op plannen foar de takomst. It giet dan om ûnderwerpen lykas de bou fan nije hûzen, subsydzje foar ferienings of foarsjennings foar bedriuwen. Meikoarten kinne ynwenners har oanmelde.

De gemeente freget ek eksperts nei har takomstfisy. Dizze eksperts sjogge groei yn de wurkgelegenheid yn de soarch en it toerisme. De yndustry wurdt minder wichtich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)