Boargerpanel Ferwerderadiel

18 jun 2006 - 14:48

De gemeente Ferwerderadiel ropt ynwenners op om har oan te melden foar in 'boargerpanel'. Yn dat panel fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid sitte minsken mei in útkearing en minsken dy't krekt wer oan it wurk binne.

It panel mei it ministearje advys jaan oer wat it Ryk dwaan kin om minsken wer oan it wurk te helpen. It panel komt trije kear by inoar yn Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)