Boargernetaksje foar jonge mei mes yn De Westereen

07 aug 2015 - 14:36
  • Burgernet

De plysje fan De Westereen siket in 19-jierrige jonge út it doarp. Hy is mei rûzje út it hûs fan syn âlden fuortrûn en hat mooglik in mes by him. Neffens de plysje kin de jonge noch oerstjoer wêze. Mei help fan boargernet hopet de plysje dat de jonge gau fûn wurdt.

Hy rint mei bleat boppeliif en yn in swarte Adidasbroek oer strjitte. De plysje warskôget minsken net sels yn te gripen mar de plysje te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)