Boargernet sels betelje

22 apr 2010 - 11:45
  • Foto: Omrop Fryslân

Guon Fryske gemeenten sykje noch gjin oansluting by Burgernet omdat se sels foar de kosten opdraaie. It Ryk wol it meldsysteem lanlik ynfiere, mar wol der net foar betelje.

Burgernet is in netwurk. De plysje bellet of sms't by in misdie dêr't in dúdlik sinjalemint by beskikber is. Minsken wurde oproppen út te sjen nei fertochten en dat troch te jaan oan 'e plysje. Boargernet kostet de gemeenten it earste jier fyftich sint de ynwenner en dêrnei de helte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)