Boargernet breder ynsette

06 sep 2013 - 12:19
  • Plysje wol Boargernet breder ynsette

Boargernet ûntwikkelet him ta in folweardich opspoaringsmiddel fan plysje, boargers en gemeenten. Fiif jier ferlyn sette Boargernet as proef yn Fryslân útein en freed begûn in lanlike kampanje. Doel dêrfan is om mear dielnimmers te krijen. Fjouwer wiken lang binne der spotsjes op radio en tv.

It ôfrûne healjier binne yn Fryslân 235 Boargernetaksjes hâlden. Dêrfan binne 46 saken oplost troch in melding fan in dielnimmer.
Boargernet waard yn it begjin benammen foar fermissings brûkt, mar letter ek foar help by it oplossen fan misdriuwen.

De drompel om saken te melden wurdt no leger makke as oars. Minsken kinne tenei mei e-mail streekrjocht reagearje en kontakt opnimme mei de buert- of wykagint. Dat bart nei in súksesfolle proef dy't ûnder oare ek op It Hearrenfean en omkriten útfierd waard. Der dogge op dit stuit 1,2 miljoen Nederlanners mei oan Boargernet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)