Boargernet: 3500 oanmeldings

27 apr 2010 - 14:48

Yn 'e tsien nije Fryske gemeenten dy't sûnt ferline wike meidogge oan 'Burgernet' hawwe har oant no ta 3500 nije minsken oanmelden foar de opspoaringstsjinst. Dat is boppe de ferwachting, seit de plysje. De measte nije dielnimmers komme út 'e gemeente Snits.

Boargernet is in telefoanysk netwurk. De plysje bellet of sms't dielnimmers by in misdie. De fraach is dan om út te sjen nei in dieder of dieders en tips troch te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)