Boargerlik houlik yn tsjerke

31 aug 2001 - 00:00

Tsjerken binne tige geskikt foar it sluten fan net allinnich tsjerklike mar ek boargerlike houliken. Dat seit de stifting Alde Fryske Tsjerken.

De stifting reagearret hjirmei op it beslút fan de gemeente Hearrenfean om it tsjerkje fan Jobbegea net iepen te stellen foar trouwerijen. It kolleezje fan B&W fynt dat der in skieding bliuwe moat tusken beide foarmen fan trouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)