Boargerinisjatyf oer plestik

31 jan 2011 - 21:02

In groep ynwenners fan de gemeente Opsterlân sil takom wike in boargerinisjatyf yntsjinje foar it skieden fan plestik ôffal. De groep wol dat it plestik yn it foar skieden wurdt en net achterôf. It is it earste boargerinisjatyf dat yntsjinne wurdt yn Opsterlân.

Yn febrewaris 2010 waard yn Opsterlân in eksperimint hâlden mei in miljeupûde. Dit wie in sukses. Der waard folle mear plestik ophelle en in soad minsken woene in ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)