Boargerinisjatyf goed oppakke

17 sep 2014 - 12:38
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

Gemeente Súdwest-Fryslân wol boargerinisjativen better ferwurkje. Neffens wethâlder Durk Stoker gongen eardere foarstellen wolris mis troch de regeljouwing. Yn de nije opset komme alle ideeën fan bewenners op ien punt binnen en moat gau dúdlik wurde oft in boargerinisjatyf wat wurde kin. Kritearia binne ûnder oare oft it foarstel genôch draachflak hat, iepenbier tagonklik is en oft it goed yn de buert past.

Al meardere boargerinisjativen binne binnenkaam, lykas in kikkerpaad en in doarpstún. De gemeente hopet op mear inisjativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)