Boarger kin boete útdiele

18 nov 2008 - 20:48

Boargers kinne de gemeente Ljouwert in boete oplizze as der net op tiid in beslút naam wurdt oer in fersyk om subsydzje, in oanfraach foar in fergunning of útkearing.

As boargers fine dat de gemeente te lang wurk hat om in beslút te nimmen moatte se de gemeente in herinnering stjoere, mar as der dan binnen twa wiken gjin beslút leit, begjint de teller te rinnen. De maksimumfergoeding is 1260 euro. De ried moat noch ynstimme mei de regel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)