Boarger hâldt fandaal oan

12 okt 2007 - 11:01

In ynwenner fan it Hearrenfean hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn syn wenplak foar plysje spile troch in man út Wolvegea oan te hâlden. De Hearrenfeanster hie sjoen dat de oare man de spegel fan syn auto fernielde.

Hy naam de man mei nei in kafee oan de Gedempte Molenwijk en warskôge dêr de plysje. Dy hat de man meinaam nei it buro. It die bliken dat de man út Wolvegea tefolle drank op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)