Boargemasterskarrûsel yn gemeenten Noardwest Fryslân

11 aug 2015 - 18:50
  • Gemeentehûs Frjentsjerteradiel

De boargemasters fan It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel binne tiisdei offisjeel beneamd as waarnimmer yn harren buorgemeenten. Se wikselje de kommende moanne twa wiken fan posysje. Sa giet Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel nei It Bilt, Tom van Mourik fan Menameradiel nei Frjentsjerteradiel en Gerrit Krol fan It Bilt sil oan de slach as boargemaster fan Menameradiel. Doel fan dizze boargemasterskarrûsel is dat se priuwe kinne oan de kultuersferskillen yn de ferskate gemeentlike-organisaasjes.

Fan 1 jannewaris ôf fusearje de trije gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)