Boargemaster yn twa gemeenten

24 sep 2003 - 00:00

Boargemaster Jo Bosma fan Lemsterlân wurdt mei yngong fan heal oktober ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel. Dat hat kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels bekend makke. Bosma sil beide funksjes njonken inoar útoefenje.

Trije dagen yn 'e wike is er boargemaster fan Lemsterlân, de oare twa dagen is er dat yn Ljouwerteradiel. Bosma moat frou Vroegindeweij ferfange. Sy wurdt boargemaster fan Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)