Van Zuijlen, Van Bekkum beleanje lêste earste aaien

21 mrt 2016 - 16:29
  • Ljipaai

It alderlêste ljipaai fan Fryslân is sneontejûn fûn yn de greide by de Drachtster Intratuin. It aai waard fûn troch Sibe de Boer. Boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân sil de finer tiisdeitemiddei beleanje mei in oarkonde.

It op-ien-nei lêste ljipaai is dat fan Frjentsjerteradiel. Dat aaike waard sneontemiddei fûn troch Haije van der Pol fan Frjentsjer, doe't er oan it wurk wie op syn eigen lân op Kie. Hy kriget tiisdeitemoarn fan boargemaster Van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel de 15 euro finerslean en in sertifikaat.

Yn it gefal dat it aaisykjen ek yn 2017 ferbean is, is it Drachtster aaike mooglik it alderlêste earste gemeentlike ljipaai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)