Boargemaster stipet asylsikers

07 nov 2003 - 00:00

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert hat tongersdei in petear hân mei it COA, it Centraal Opvangorgaan Asielzoekers, oer de asylsikers yn de Parkflat yn Boalsert. Dy moatte op 16 jannewaris har flat út. Se wolle der lykwols graach oant 1 febrewaris wenjen bliuwe, omdat der dan mear dúdlikheid komt oer har ferbliuwsoanfraach.

De boargemaster hat tasein har foar in langer ferbliuw yn te setten. Op 20 novimber wurdt der fierder praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)