Boargemaster sprekt krityk tsjin

15 feb 2005 - 19:20

It Boalserter Grien Links-riedslid Hilbrand Schuurmans wurdt de mûle net snoerd, ek al tinkt hy dat sels. Dat seit boargemaster Vroegindeweij fan de gemeente Boalsert.

Neffens Vroegindeweij kin Schuurmans syn fragen gewoan stelle, mar dan moat hy him wol oan de regels hâlde. Dy hâlde yn dat je foar it begjin fan de riedsgearkomste de fragen skriftlik ynstjinje moatte. De ried hat de regels dêrfoar oanskerpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)