Boargemaster slút Drachtster diskoteken Feu en Champino

11 nov 2015 - 16:18
  • Diskoteek Feu yn Drachten
  • Diskoteek Feu yn Drachten

Diskoteken Feu en Champino yn Drachten binne ticht. Dat hat boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân besletten. De twa diskoteken hawwe in nije eigener krigen dy't ferplichte is om in nije drank- en hoarekafergunning oan te freegjen.

Nei oanlieding dêrfan is ûndersyk dien nei de eigener. De útkomst is dat der twifele wurdt oan syn yntegriteit en dêrom krijt hy foarearst gjin fergunning foar syn diskoteken. Dy kinne dan no earst ek net iepen. By Feu en Champino wurkje 40 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)