Boargemaster Sjon Stellinga fan Skiermûntseach hâldt op

06 aug 2015 - 20:57
  • Sjon Stellinga

Sjon Stellinga bliuwt op Skiermûntseach wenjen, no't hy opstapt is as boargemaster. De 57-jierrige Stellinga hat syn funksje per direkt dellein no't bekend wurden is dat hy in relaasje hat mei in jongere amtner fan de gemeente. Dat hat hy dizze wike witte litten oan de gemeenteried en Kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Dy fynt de beslissing spitich, mar hat der begryp foar. Takom wike sil hy om tafel mei de gemeenteried om sa gau mooglik in waarnimmer te beneamen.

De saak docht tinken oan Yorick Haan. Dy moast yn 2013 opstappe as boargemaster fan Flylân, nei't hy in relaasje hân hawwe soe mei in troude frou. Haan hat altyd ûntkend, mar waard troch de gemeenteried nei hûs stjoerd. Jorritsma seit dat beide saken net mei-inoar te fergelykjen binne.

Sjoch hjir foar de ferklearring fan Sjon Stellinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)