Boargemaster rydt studinte oan

07 okt 2008 - 19:59

Boargemaster Ferd_Crone fan Ljouwert hat ferline wike in frou op in scooter oanriden mei syn auto. De frou foel om en hold in seare foet oan it ûngelokje oer. De oanriding wie syn skuld, seit Crone.

Hy hat de frou, in 21-jierrige studinte út Ljouwert, fuort 50 euro jûn as foarskot op de skea oan har scooter. Dy wurdt fierder troch de fersekeringen ôfhannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)