Boargemaster ropt ynwenners op om net sa gau lilk te wurden

06 jan 2015 - 11:06
  • Boargemaster Roel Sluiter

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns docht in oprop oan de ynwenners om net sa gau lilk te wurden. Hy fynt dat guon ynwenners in fierstente koart lontsje ha en dêrtroch gau rûzje meitsje. Sluiter docht de oprop yn syn nijjierstaspraak.

De boargemaster krijt elke dei in oersjoch fan plysjesaken dy't spile ha. Syn konklúzje is dat der wol in hiel soad gefallen fan rûzjes tusken buorlju by sitte. Dat soarget foar in grutte belêsting fan de plysje. Boppedat is it net goed foar it wengenot. Sluiter ropt op om wat mear rekken mei-inoar te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)