Boargemaster Polderman yn VUT

29 apr 2010 - 22:04
  • Boargemaster Polderman hâldt der mei op

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel hâldt der oan 'e ein fan dit jier mei op. De 63-jierrige Polderman is sûnt 1996 boargemaster yn Tytsjerksteradiel. Dêrfoar wie hy boargemaster fan Wijhe, mar syn politike libben begûn as riedslid yn Arnhem yn 1982.

Syn beneaming rint noch fjouwer jier, mar Polderman fynt dat it nei 14 jier tiid wurdt foar feroaring en fernijing. Boppedat wol hy graach mear tiid besteegje oan gesin en hobbys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)