Boargemaster opnij bedrige

16 feb 2005 - 13:20

Boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean is wer mei geweld bedrige. In 26-jierrige Hearrenfeaner easke in petear oer in finansjele saak. Doe't de sekretaresse sei dat de boargemaster gjin tiid hie, drige er it gemeentehûs yn 'e brân te stekken. De man is oppakt troch de plysje.

Novimber ferline jier waard de boargemaster ek alris bedrige. Doe stjoerde in man út Aldehaske him in brief mei in deadsbedrigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)