Boargemaster Middel ynstallearre

03 des 2005 - 14:37

Bert Middel, de nije boargemaster fan Smellingerlân, wol perfoarst Drachten oan it spoar tusken it Noarden en de Ranestêd hawwe. Dat sei Middel by syn ynstallaasje freed yn it gemeentehûs fan Drachten. Middel wol it kabinet hâlde oan de ôfspraken dy't makke binne foar de oanlis fan in Súderseeline.

Mei Middel hat Smellingerlân nei 44 jier wer in sosjalist as boargemaster. Hy is de opfolger fan CDA'er Pieter van der Zaag dy't 16 jier earste man wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)