Boargemaster is lulk op partij

03 mrt 2006 - 14:58

Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim hat in lulke brief stjoerd nei de fraksje Gemeentebelangen 2000 yn de ried. Yn in ynstjoerd stik yn de lokale krante ferwyt de fraksje it kolleezje manipulaasje mei in ûneigentlik doel. Dat soe bard wêze by de behanneling yn de ried fan de oanlis fan in klassike skipshaven yn Terherne.

Schadd seit dat har persoanlike yntegriteit rekke wurdt troch it stik yn de krante. Se easket rektifikaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)