Boargemaster Ljouwert frou?

21 jun 2007 - 16:13

It makket de Ljouwerters net út oft de opfolger fan boargemaster Dales in man of in frou is. Dat docht bliken út in enkête fan de gemeente. 388 Ljouwerters hawwe oan dy enkête meidien.

Krekt mear as de helte wol graach dat de nije boargemaster tusken de 40 en 50 jier âld is. Ek moat de kandidaat in realisator en netwurker wêze, dy't sosjaal fielend is en goed lusterje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)