Boargemaster jout 100-jierrige Easterbierrumer nij rydbewiis

11 jun 2015 - 19:54
  • Boargemaster Veenstra rikt rydbewiis út oan Idzenga

De 100-jierrige Freerk Idzenga út Easterbierrum hat tongersdei út hannen fan boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel in nij rydbewiis krigen. Idzenga is opnij troch de keuring kaam en rydt noch hieltiten auto.

Takom sneon wurdt hy 101 jier en dan krijt hy de boargemaster wer oer de flier. Idzenga is noch sûn, mei graach fytse en siedt noch gewoan syn eigen iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)