Boargemaster Heite hâldt op

21 des 2004 - 12:24

Boargemaster Heite fan Weststellingwerf is fan doel 1 juny syn fynksje del te lizzen. Hy set in punt achter syn karriêre as boargemaster fanwege problemen mei syn sûnens.

Heite (58) is al 15 jier boargemaster fan Weststellingwerf. Syn politike karriêre begûn yn 1982 doe't er foar de PvdA yn de ried kaam. Hy waard doe dalik wethâlder en loko-boargemaster. De gemeenteried fan Weststellingwerf sil no te set oer in profylskets.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)