Boargemaster gjin weryndieler

29 okt 2007 - 22:55

De nije boargemaster fan Lemsterlân hoecht der noch gjin rekken mei te hâlden dat de gemeente op termyn ferdwynt. Weryndieling hat gjin prominint plak krigen yn de profylskets dy't moandei troch de gemeenteried fêststeld is.

Neffens de ried moat de nije boargemaster iepenstean foar gearwurking mei oare gemeenten, mar moat de 'eigenens fan Lemsterlân' dêrby foarop stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)