"Boargemaster gjin sanksje"

26 des 2010 - 11:11
  • Boargemaster Veenstra

Boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel moat gjin sanksje oplein krije, omdat er noch altiten net yn de gemeente wennet. It kolleezje fan b. en w. stelt dat foar oan de gemeenteried.

In boargemaster kin in jier lang ûntheffing krije fan dy ferplichting. Dy termyn rint yn jannewaris ôf. Mar troch de minne huzemerk is Veenstra syn hûs yn Drachten noch altiten net kwyt. De ried fan Frjentsjerteradiel praat begjin jannewaris oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)