Boargemaster ferbiedt draverijen

14 apr 2001 - 00:00

Boargemaster Remco Heite fan Weststellingwerf hat mei in needbevel alle draverijen op Lindetrek yn Wolvegea ferbean. Lilke boeren hawwe de boargemaster ûnder druk set.

De boeren fine dat de koersen net trochgean kinne, no't elk him oanpasse moat fanwege de tongblierkrisis. Twa anonime telefoantsjes mei drigeminten op freed joegen by Heite de trochslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)