Boargemaster De Jonge hâldt op

05 okt 2010 - 10:02

Boargemaster Peter de Jonge fan de gemeente Hearrenfean leit syn funskje del. Dat hat er moandei bekend makke op in gearkomste fan 'e gemeenteried. De Jonge hat 32 jier aktyf west yn it deistich bestjoer fan trije gemeenten. Dêrfan wie er santjin jier boargemaster fan Hearrenfean.

Yn syn nije funksje wurdt De Jonge adviseur fan gemeentebestjoeren. Hearrenfean moat no op syk nei in nije boargemaster, dy't mei yngong fan 1 april begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)