Boargemaster De Boer nimt ôfskie

16 apr 2004 - 00:00

Boargemaster Margreeth de Boer fan Ljouwert is freed 65 jier wurden en naam dêrom ôfskie fan de gemeente. Sy hat 2,5 jier de septer swaaid yn de Fryske haadstêd.

De Boer kaam om rêst te bringen yn Ljouwert nei it twongen fertrek fan boargemaster Van Maaren. Se fynt sels dat se dêryn slagge is. Neffens har is de bestjoerskultuer lykwichtiger. Nei ferwachting sil De Boer efter de skermen aktyf bliuwe foar Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)