Boargemaster Crone slút hoarekagelegenheid yn Ljouwert

18 des 2015 - 12:26
  • Plysjelint

In hoarekagelegenheid oan it Reigerplein yn Ljouwert moat fan boargemaster Ferd Crone in moanne ticht. De sluting giet freed yn. Reden fan dit beslút is in slimme fjocht- en stekpartij ein novimber by it kafee. Boppedat ha der de ôfrûne tiid meardere ynsidinten west, meldt de gemeente.

Crone seit de feilichheid net mear garandearje te kinnen en hat dêrom besletten ta tydlike sluting. Hy makket him benammen soargen oer it talittingsbelied en de bedriuwsfiering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)