Boargemaster Crone oer Parys: "Hoe dramatysk kin it wêze?"

16 nov 2015 - 20:27
  • Crone sprekt by de ynformaasjejûn yn Grou

"Der is mar ien ding dat helpt", seit boargemaster Crone fan Ljouwert oer de oanslaggen yn Parys, "en dat is stânfêstich bliuwe yn ús eigen frijheid, ienheid en demokrasy. Want it slimste dat ús oerkomme kin, is dat we ús tsjin mekoar opsette litte." Crone die dizze úspraak by in taspraak op de ynformaasjejûn oer de opfang fan asylsikers yn Grou.

Crone fertelde dat de tsjerke yn Grou in bulte klean krigen hie, om wer oan de flechtlingen te jaan. "Dus dat is het ene wat je hoort, en het andere is wat er in Parijs is gebeurd. Hoe dramatisch kan het zijn?"

"Wat me het meest treft, is dat er noch een directe relatie is ook" seit Crone. Want wat der yn Parys bard is, hat te krijen mei de oarloch yn Syrië. "Daar spelen wij een eigen rol in. Als Westen, maar ook als Leeuwarden, vanuit onze vliegbasis."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)