Boargemaster Crone: "Besunigings by plysje gean te fier"

11 jan 2016 - 16:32
  • Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert komt op foar de plysje

De besunigings by de plysje gean te fier, fynt boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy stipet de oprop fan de boargemasters fan de tsien plysje-ienheden yn Nederlân. Dy stelle dat minister Van der Steur fan justysje in part fan de besunigings weromdraaie moat. As der net mear jild beskikber komt, soene mooglik grutte eveneminten opsein wurde moatte, warskôgje sy.

Sa slim is it yn it Noarden noch net, seit Crone. Al sjocht er wol dat de besunigings lang net helle wurde, lykas op de meldkeamer Noard-Nederlân.

De plysje sit op it stuit noch middenyn in reorganisaasje. Oant 2017 moat der lanlik 500 miljoen euro besunige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)