Boargemaster Boalsert bliuwt

21 jan 2010 - 20:38

Boargemaster Willemien Vroegindeweij fan Boalsert sil nei 1 april as waarnimmend boargemaster bliuwe oant 1 jannewaris. Vroegindeweij hâldt op 1 april formeel op as boargemaster omdat se dan de pensjoengerjochtigde leeftiid berikt hat.

Mar kommissaris fan de keninginne Jorritsma hat frege oft se noch in skoftsje oanbliuwe wol. Hy fynt dit fan belang foar it bestjoer fan Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)