Boargemaster Boalsert bliuwt

20 maaie 2009 - 13:22

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert mei herbeneamd wurde. Dat is tiisdeitejûn besletten yn in besûndere gearkomste. It ministearje fan Binnenlânske Saken wurdt hjirfan no op 'e hichte brocht.

Vroegindeweij waard seis jier lyn boargemaster fan de gemeente Boalsert. In ynstelde herbeneamingskommisje is tefreden oer har funksjonearjen en wol dat se noch in termyn bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)