Boargemaster Bilker warskôget foar twaspjalt yn Kollumerlân

05 jan 2015 - 20:30
  • Gemeente Kollumerlân

Noardeast-Fryslân wurdt op slot set troch it belied fan it ryk en de provinsje. Jonge minsken dy't dêr graach wenje wolle, keare it gebiet no de rêch ta en lûke nei Ljouwert. Dat is te gek foar wurden, sa sei boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân moandeitejûn yn syn nijjierstaspraak.

Neffens him moat der wer romte komme by de doarpen om út te wreidzjen. Dat moat der ek komme foar in rûnwei by Kollum. De provinsje hat de gemeente krekt witte litten dat dy der net komt.

Bilker leit him dêr net by del en sil mei de omlizzende gemeenten om tafel om te sjen oft de dyk dochs oanlein wurde kin. Dy is wichtich foar de ûntsluting fan it bedriuweterrein by Kollum.

Bilker warskôget fierder foar in twaspjalt yn de mienskip. De ôfstân tusken polityk en boarger wurdt hieltyd grutter. Dat hat as gefolch dat hieltyd minder minsken stimme by ferkiezings. De opdracht is neffens Bilker om belied te meitsjen dêr't eltsenien him yn werkenne kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)