Boarg. Heldoorn yn Palestina

16 nov 2006 - 09:35

In delegaasje fan de gemeente Opsterlân is dizze wike yn Israël en de besette gebieten. Opsterlân hat in bân mei de Israëlyske gemeente Ra'anana en de Palestynske Beit Sahour. De Opsterlanners hoopje dat dizze bân liedt ta mear begryp tusken de Palestinen en de Israëliërs.

De delegaasje mei dêryn boargemaster Heldoorn en de riedsleden Janny v.d. Mark en Sikke Marinus wie woansdei yn Beit Sahour.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)