Boarg. Cazemier op plak ûngelok

27 maaie 2006 - 08:23

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel hat in besite brocht oan it plak fan it slimme auto-ûngelok by Eastrum. Fjouwer jonge manlju út Ie en Jouswier binne dêrby om it libben kaam. Cazemier neamt it ûngelok in 'ferskriklik drama'.

Hy tinkt dat it ûngelok in grutte ympakt ha sil op de ynwenners fan Ie en de famylje fan de slachtoffers. Yn Ie wenje sa'n 1000 minsken. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)