Boareilân boppe It Amelân

26 maaie 2009 - 16:59

Boppe It Amelân leit sûnt dit wykein in boareilân fan de NAM. It platfoarm boarret fiif moannen lang ûnder de Noardsee nei ierdgas. Dêrnei ferwurkje de oare platfoarms by It Amelân it gas. Mei it gas dat út de nije put helle wurdt, kin eltse húshâlding yn Fryslân in jier foarút.

De NAM besiket de oerlêst foar de natuer op it Waad sa minimaal mooglik te hâlden. Dêrom fleane de helikopters dy't it personiel ferfiere fia Den Helder oer de Noardsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)