Boalserter wint mitselwedstryd

22 apr 2007 - 13:15

De 18-jierrige Johan van der Pas fan Boalsert is útroppen ta bêste mitseler fan Nederlân. Hy gong de striid oan mei alve oare learlingen fan it VMBO en wûn úteinlik de Sulveren Troffel. It is foar de 55e kear dat dizze priis útrikt is. It giet om in priis fan de Nederlânske bakstienyndustry. Dy wol it fak fan mitseler sa promoate.

Johan van der Pas is learling fan it Marne Kolleezje yn Boalsert. Dit jier makket er syn oplieding ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)