Boalserter Stef de Haas (82) stoarn

15 sep 2015 - 11:25
  • Kearsen

Yn syn wenplak Boalsert is ôfrûne sneon Stef de Haas stoarn. De Haas wie tsien jier riedslid en tsien jier wethâlder yn Boalsert. Yn 1994 naam er ôfskied fan it politike wurk.

Ien fan de meast yn it eachspringende saken út syn politike karrière wie it konflikt mei partijgenoat Babs Haanstra. Dat skeel soarge foar in splitsing yn de Boalserter PvdA. De Haas is 82 jier wurden, freed wurdt er te hôf brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)