Boalserter oppakt yn Slagharen

05 aug 2009 - 07:52

In 47-jierrige man út Boalsert is moandeitejûn oanhâlden yn it Attraksjepark Slagharen. De man soe in 26-jierrige meiwurker fan it park mishannele ha. Der ûntstie in rûzje tusken twa groepen famkes, doe't twa froulju út de kabelbaan wei nei beneden flyben. Om't heiten en memmen harren mei de rûzje bemuoiden, ûntstie in fjochtpartij. De meiwurker probearre de minsken te kalmearjen, mar krige doe sels klappen.

Ek twa Utrechters binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)