Boalserter oppakt foar drugs

18 apr 2005 - 05:48

In 31-jierrige Boalserter is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn in bar op de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean. It personiel ûntduts dat de man acht boltsjes kokaïne by him hie en warskôge de plysje.

Doe't de plysjeminsken de Boalserter meinimme woene, naaide er út. By it Gemeenteplein koe er opnij oanhâlden wurden. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. De drugs binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)