Boalserter huodsjes winne

18 apr 2009 - 14:33

Twa Boalserter huodsjes hawwe de publykspriis wûn mei de huoddewedstriid op de Keukenhof, dy't mei Peaske hâlden is. Doe koene alle besikers mei in hoed meidwaan oan de Peaskeparade.

Hotske Lunter en Jacqueline Bleeker wûnen mei hun kreaasje de publykspriis. De beide froulju hawwe it huodde-meitsjen as hobby en hawwe op dit stuit in ekposysje yn soarchsintrum Huylckenstein yn Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)